Greidhoeke
De Greidhoeke is it tradisjonele feehĂąlderijgebiet op 'e klaai yn it noardwesten fan FryslĂąn, fuort besuden de Bouhoeke. It bestiet Ășt it sĂșdlike part fan 'e Waadhoeke, it noardlike diel fan SĂșdwest-FryslĂąn en it westen fan 'e gemeente Ljouwert. DĂȘrmei omfieme it foarhinne de no net mear besteande gemeente Littenseradiel, de sĂșdlike parten fan Menameradiel en Frjentsjerteradiel, de noardlike helte fan WĂ»nseradiel, de klokslach fan Boalsert en parten fan Wymbritseradiel en Boarnsterhim.
Yn dit gebiet wurdt benammentlik yntinsive feehĂąlderij bedreaun troch it hĂąlden fan kij, mei gauris wat skieppehĂąlderij dernjonken as byfertsjinst. Bou komt der suver net foar. Foarhinne wie it gebiet in mozayk fan nuveraardich yninoar passende puzelstikjes fan greidperselen, mar troch de ruilferkaveling is dat tsjintwurdich grutdiels foarby. De pleatsen binne der fan twa typen: de stjelp en de kop-hals-romp.
De eardere gemeente Littenseradiel hat him der lang (en mei rjocht) op foarstean litten "it hert fan 'e Greidhoeke" te wĂȘzen. Dwers troch de Greidhoeke rint de Slachtedyk, bekend fan 'e Slachtemaraton.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Philippus Breuker, De Greidhoeke. LĂąn en minsken fan 800 oant 1800 en letter, Ljouwert, 2012.