Linge (rivier)
| Linge | ||
| De Linge by Beesd | ||
| geografy | ||
| lân | ||
| Provinsje | ||
| ûntspringt yn | Pannerdensch Kanaal, Doornenburg | |
| lokaasje boarne | 51° 53' N, 6° 01' E | |
| mûnet út yn | Under-Merwede, Gorkum | |
| lokaasje mûning | 51° 49' N, 4° 58' E | |
| sifers | ||
| lingte | 108 km | |
| kaart | ||
| Rin fan de Linge | ||
De De Linge is in 108 km lange rivier dy 't yn de Betuwe fan Doornenburg oant Gorkum streamt. De namme betsjut yn it Aldnederlânsk it lange wetter. Grutte parten fan de Linge binne net befarber foar motorisearre skippen. De gemeente Lingewaard ûntlient har namme oan de Linge.
Rin fan de Linge
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ynlaat fan de Linge út it Pannerdensch Kanaal by Doornenburg ferrint behearske fia gemaal Pannerling, neamd nei Pannerden en de Linge. Oant Zoelen is de Linge in wetterrin út 1244, of kanaal mei in lingte fan 46,1 kilometer. It stik tusken Elst, Zetten en Opheusden is dan ek net folle mear as in oanienskeakeling fan rjochte kanalen, wat ek te sjen is oan kilometers parallelle, frijwol rjochte diken yn de gemeente Overbetuwe.
Doe’t tusken Elst en Arnhim-Súd it lânskipspark Lingezegen oanlein waard, is de Linge dêr freonliker foar bisten makke; ûnder oaren waarden de steile kaaien ferfongen troch gloaiende wâlen. De krusing mei it Amsterdam-Rynkanaal is opmerklik: hjir ferdwynt de rivier ûnder it kanaal. Tusken Doornenburg en Geldermalsen telt de Linge trettjin stuwen, yn it oare part gjin.
By Zoelen komt de rivier gear mei de Deade Linge, dy't ea as sydtûke fan de Waal it begjin foarme fan de natuerlike Linge. Dêrfan binne de meanders noch te werkennen yn it lânskip. Foarby Tiel komt it Inundatiekanaal, in ûnderdiel fan de Nije Hollânske Wetterliny, yn de rivier út. In lyts stik stream ôf, tichteby Buurmalsen, mûnet de Korne yn 'e Linge út en efkes fierderop, by Tricht, de Biskopsgraaf.
Yn Gorkum is foar de binnenstêd de splitsing fan de Linge mei it Kanaal fan Steenenhoek dat efkes fierder it Merwedekanaal krúst. Nei de splitsing rint it farwetter fan de Linge noch 950 meter troch de binnenstêd oant yn de Lingehaven mei oan de ein dêrfan de Lingeslûs, dy't de oarspronklike ferbining foarmet mei de Under-Merwede.
De wetterôffier rint lykwols oars as de farwei. De stream fan de Linge rint troch it 9,3 kilometer lange Kanaal fan Steenenhoek fia de normaal iepensteande Gorkumske Kanaalslûs nei Hardinxveld-Giessendam en wurdt dêr troch it Lingegemaal yn de Under-Merwede lost.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
