Britswert
| |||||
| Gemeente | Súdwest-Fryslân | ||||
| Ynwennertal (2021) | 105 [1] | ||||
| Webstee | DoarpshĂťs Us Honk | ||||


Britswert is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, east fan Wommels by de Frjentsjerter Feart. It doarp hat likernôch 100 ynwenners (2021).
Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984, makke Britswert diel út fan de gemeente Baarderadiel. Neidat it yn 1984 oergien wie nei de nije gemeente Littenseradiel kaam it yn 2018 by de gemeente Súdwest-Fryslân.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De eardere skoalle wurdt nei ferbouwingen sĂťnt 1982 as doarpshĂťs ( Us Honk ) brĂťkt. De feriening fan Doarpsbelangen Britswert/Wiuwert hat in wynmole "De Twa doarpen" oankocht. De opbringst is foar de mienskip.[2]
Bouwurken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De romanogoatyske Sint-Joaristsjerke is boud mei Fryske moppen stiet op de terp fan it doarp. Trochdat de terp ôfgroeven is fersakke it koer. Yn 1514 hat de tsjerke yn 'e brân stien. Geert van Wou jr. makke de tsjerkeklok út 1534 en oan de súdkant sit in lytse poarte, mei in túfstik dat de troch de famylje Van Aylva betelle 18e-iuwske restauraasje betinkt. Yn de tsjerke leit in grêfstien fan de famylje Aggema. Simmerdeis is yn it gebou wurk fan Fryske keunstners te sjen.
SĂşdlik fan it doarp stie in lytse Amerikaanske wynmotor, dy't nei brekfalligens lang om let yn 2013 Ă´fbrutsen waard.
Doarpswapen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gouden brêge komt fan brits, dat brêge betsjut, -wert komt fan wird of terp. Oant 1855 lei it doarp oan in mar, in oerbliuwsel fan in útrinner fan de Middelsee en wie skipsbou fan belang. Dy wurdt troch it anker werjÝn. De leelje symbolisearret de spesifike planten yn de eardere Britswerter Mar. It klaverblêd is in symboal foar de lânbou.
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Vriendenkring - toaniel, tegearre mei Wiuwert
- De Twa Doarpen - keatsclub fan Wiuwert-Britswert
- Kuorbalferiening WWC
Ynfrastruktuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bustsjinst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch Britswert rint de folgjende busline:
- Line 35: Snits - Frjentsjer
De busline troch Britswert wurdt fersoarge troch Qbuzz.
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Buorren, Froonackerdyk, Jeth, Kleasterdyk, Kromwâl, Swarte Mole, Terp.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
