Doanjum
| Doanjum | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 370 (1 jannewaris 2025) | |
| Oerflak | 3,5 km², wêrfan: - lân: 3,46 - wetter: 0,03 km² | |
| Befolkingsticht. | 105 ynw./km² | |
| Oar | ||
| KoÜrdinaten | 53° 12' N 5° 32' E | |
| Offisjele webside | ||
| FB-side Doanjum en Boer | ||
| Kaart | ||
Doanjum is in doarp dat yn de gemeente De Waadhoeke leit. Doanjum leit noardlik fan Frjentsjer, westlik fan Boer en besuden Tsjummearum. De doarpskearn fan Doanjum leit om de Doarpsstrjitte en Tsjummearumerwei.
Op 1 jannewaris 2025 hie Doanjum 370 ynwenners.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doanjum bestiet út in groep terpen op in âlde kwelderwâl. It gebiet moat neffens grÝnfynsten al yn de Romeinske tiid bewenne west hawwe. Ut opgroeven ierdewurk docht bliken dat de doetiidske bewenners yn in aardige wolstân libben. Fan de ein fan de Romeinske tiid oant yn de 5e iuw wie it gebiet nei alle gedachten Ýnbewenne.
Yn it begjin fan de 17e iuw waard hjir de stins Goslinga State boud, dĂŞr't letter de grytman en steatsman Sicco van Goslinga wenne, dy't yn 1731 ferstoar. Yn 1803 waard de stins Ă´fbrutsen. Yn de tsjerke fan Doanjum (1711) is in grĂŞfmonumint fan Sicco van Goslinga.
Doanjum hie sĂťnt 1 oktober 1903 in stasjon oan it NFLS-spoar fan Frjentsjer nei Tsjummearum; de geografyske Ă´fkoarting wie Dj. By graafwurk foar it spoar waard yn 1911 in brĂťnzen byldsje Ăşt de Romeinske tiid fĂťn dat de Romeinske god Mars foarstelt. Op 8 oktober 1933 waard it stasjon sluten.

As wraak foar in oanslach op Grietje Sinnema út Rie, dy't as tolk en sekretaresse foar de besetter wurke op de Abteilung fßr Ernährung und Landwirtschaft yn Frjentsjer en ek ferantwurdlik wie foar de foardering fan hynders en hea foar de Dútske Wehrmacht, hellen de Dútsers op 8 maart 1945 fiif manlju út de Ljouwerter finzenis om dy oan 'e Riedsterdyk tusken Doanjum en Rie te fusillearjen. In monumint op it plak betinkt de fiif slachtoffers.[1]
SĂťnt 2018 leit Doanjum yn de gemeente De Waadhoeke, dĂŞrfoar lei it yn de gemeente (Nij) Frjentsjerteradiel en foar 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Frjenstjerteradiel (noardertrimdiel).
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei it westlik oanbuorjende Boer hat Doanjum sĂťnt april 1969 de feriening Doarpsbelang. De feriening Ăťnderhaldt kontakten mei de gemeente, de wenningstifting en it sosjaal- en maatskiplik wurk De SkĂťle. De iennige foarsjenning dy't Doanjum hjoeddedei noch hat is it yn 2004 boude doarpshĂťs 'De Boppeslach'. Sawat om de twa moanne komt de doarpskrante De SkĂťle Ăşt.
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De nei Donatus fan MĂźnstereifel ferneamde Donatustsjerke is in tsjerke fan de PKN-gemeente Rie-Skingen.
Skoalle
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De iepenbiere skoalle 'De Twirre' waard fanwegen de Ăťnwisse takomst wat it tal bern oanbelanget yn 2016 sletten. Yn itselde jier waard ek it pjutteboartersplak sletten. [2]
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Aktiviteitenkommisje
- Toanielferiening 't Wouterke
- Keatsferiening 'Moed en Volharding'
- Iislub Neist 'e terp

Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2023 | 2020 |
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| Ynwenners | 358 | 358 | 325 | 352 | 423 | 362 | 355 | 370 |
Berne yn Doanjum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Wytze Foppes Dongjuma (1707-1778), Ăştfiner
- Ăbe Haima (1927-2002), keatser
- Gerrit Rombout (1930-2020), politikus
Ynfrastruktuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bustsjinst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch Doanjum rint de folgjende busline:
- Line 75: Minnertsgea - Boalsert fia Frjentsjer
De busline troch Doanjum wurdt fersoarge troch Qbuzz.
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Doarpsstrjitte, Frjentsjerterwei, Hovensreed, M C Willemsstrjitte, Marten Anemastrjitte, Noarderstrjitte, Riedsterwei, Tsjummearumerwei, Van Goslingastrjitte, Wytse Foppesstrjitte.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
