Hongarije
| |||||
| Offisjele taal | Hongaarsk | ||||
| Haadstêd | Boedapest | ||||
| Steatsfoarm | Republyk | ||||
| Gebiet % wetter |
93.030 km² 0,74% | ||||
| Ynwenners (2026) | 9.488.428 (1 jan. 2026) | ||||
| Munt | Forint (HUF) | ||||
| Tiidsône | UTC +1 | ||||
| Nasjonale feestdei | 20 augustus | ||||
| Lânkoade | HUN | ||||
| Ynternet | .hu | ||||
| Tillefoan | 36 | ||||
Hongarije is in lân mei Boedapest as haadstêd en it Hongaarsk as offisjele taal.[1] De Hongaarske grûnwet bepaalt dat de namme fan it lân Hongarije is en dat de steatsfoarm in republyk is.[2] Hongarije is in parlemintêre republyk, dêr't de minister-presidint as haad fan it regear de útfierende macht útoefenet en de presidint as steatshaad benammen represintative taken hat.[1]
Op 1 jannewaris 2026 hie Hongarije neffens it Hongaarske Sintraal Buro foar de Statistyk (KSH) 9.488.428 ynwenners.[3] Neffens de KSH hat it lân in oerflak fan 93.025 km²; op 1 jannewaris 2025 wie de befolkingstichtens 102,55 ynwenners de fjouwerkante kilometer.[4] De muntienheid is de Hongaarske forint (HUF).[1] Hongarije is sûnt 1 maaie 2004 lid fan de Jeropeeske Uny en sûnt 21 desimber 2007 ûnderdiel fan it Schengengebiet.[1]
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Fryske namme Hongarije heart ta in grutte groep Europeeske nammen foar it lân dy't úteinlik weromgeane op in âlde namme foar de Hongaren. Dy nammen wurde ornaris yn ferbân brocht mei de Onoguren, in iere Turkske stammeferiening. De namme On-Ogur wurdt útlein as 'tsien stammen'.[5] De foarâlden fan de Hongaren kamen by harren trek nei it westen mei Turkske folken yn kontakt en waarden yn bûtenlânske boarnen mei nammen út dy tradysje oantsjut.[5]
Yn it midsiuwske Latyn komme foarmen as Ungri, Hungri en letter Hungari foar.[6] De h oan it begjin fan Hungari wie net oarspronklik, mar waard nei alle gedachten tafoege trochdat de Hongaren yn midsiuwske boarnen mei de Hunnen yn ferbân brocht waarden.[6] Dy foarm mei h waard yn ferskate West-Europeeske talen oernommen en leit ek oan de basis fan de Fryske foarmen Hongaar en Hongarije.[6] Yn oare talen bleau de âldere foarm sûnder h bewarre, lykas yn it Dútsk Ungar en Ungarn.[6]
De Hongaren sels brûke in oare namme. Yn it Hongaarsk hjit it lân 'Magyarország, wylst de Hongaren harsels magyar neame.[7] It elemint ország betsjut 'lân' of 'steat'. De namme Magyarország stiet etymologysk los fan de West-Europeeske nammen fan it type Hongarije en Ungarn.[5][7]
Yn it Frysk waard eartiids ek de tradysjonele namme it Ongerslân brûkt.[8] Dy foarm heart by deselde âldere nammetradysje sûnder de letter tafoege h en slút oan by Dútsk Ungarn en eardere Nederlânske foarmen as Honger en Onger foar in Hongaar.[6] De foarm hat in langere tradysje yn it skreaune Frysk. Sa komt Ongerlân foar yn in njoggentjinde-iuwske Fryske oersetting fan Gottfried August Bürgers ballade Lenore en wurdt it Ongerslân yn moderne Fryske wurdlisten en taalpublikaasjes as namme foar Hongarije neamd.[8] Yn in Fryske útjefte fan it frijheidsprivileezje dat Roomsk-kening Sigismund yn 1417 oan de Friezen joech, wurdt syn titel werjûn as „kening fan it Ongerslân, Dalmaasje, Kroäasje, ensfh.”[9]
Geografy en klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Hongaarske statistykburo berekkenet it oerflak fan Hongarije op 93.025 km².[4] Begjin 2025 wie de befolkingstichtens gemiddeld 102,55 ynwenners de fjouwerkante kilometer.[4] De Balatonmar is in grut binnenwetter yn it lân; it by it Europeesk Miljeu-agintskip registrearre gebiet Balaton hat in oerflak fan likernôch 595 km².[10]
Foar de klimaatperioade 1991–2020 berekkene de Hongaarske meteorologyske tsjinst foar it hiele lân in gemiddelde jierstemperatuer fan 10,8 °C.[11] Yn dyselde klimaatperioade wie de gemiddelde temperatuer yn 'e maitiid 11,2 °C, yn 'e simmer 20,8 °C, yn 'e hjerst 10,7 °C en yn 'e winter 0,4 °C.[11]
De gemiddelde jierlikse delslach leit neffens de klimaatnormalen fan 1991–2020 yn Hongarije yn 'e regel tusken 500 en 800 millimeter, al binne der regionale ferskillen.[12] Yn it súdwesten en yn heger lizzende gebieten, benammen yn it Bükkberchtme, kin it jiergemiddelde boppe de 800 millimeter útkomme.[12] It gebiet by de Zagyva, Tisza en Hármas-Kőrös heart yn 'e langjierrige gemiddelden ta de drûchste dielen fan it lân, mei jierliks omtrint 500 oant 550 millimeter delslach.[12] Foar syn klimaatberekkeningen brûkt de meteorologyske tsjinst kwaliteitskontrolearre en homogenisearre gegevens.[13]
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By de folkstelling fan 1 oktober 2022 telde Hongarije 9.603.634 ynwenners.[14] Dat wiene 334.000 minder as by de foarige folkstelling yn 2011.[14] It tal minsken fan 65 jier en âlder lei mei hast twa miljoen 42% heger as it tal bern ûnder de fyftjin jier.[14]
It ynwennertal wie op 1 jannewaris 2026 9.488.428.[3] Dêrfan wennen 1.675.777 yn Boedapest, 4.973.266 yn oare stêden en 2.839.385 yn doarpen.[3] Foar 1 jannewaris 2025 jout deselde KSH-rige noch in totaal fan 9.539.502 ynwenners.[3]
By de folkstelling fan 2022 wiene de fragen oer etnyske of nasjonale bining frijwillich; 86% fan de befolking beantwurde dy.[14] Op grûn fan etnyske bining, memmetaal en de taal dy't yn famylje- en freonerûnte brûkt waard, registrearre de KSH ûnder de respondinten 210.000 minsken dy't ta de Roma-mienskip hearden.[14] Fierders waarden 143.000 minsken mei in Dútske bining, 30.000 Slowaken, 28.000 Roemenen en 25.000 Oekraïners registrearre.[14]
Yn 2022 wennen 218.000 bûtenlânske steatsboargers yn Hongarije, 52% mear as yn 2011.[14] Fan dy bûtenlânske ynwenners kaam 76% út oare Jeropeeske lannen en 82.000 hiene de nasjonaliteit fan in buorlân fan Hongarije.[14]
Ek de fraach nei religieuze bining wie by de folkstelling fan 2022 frijwillich; 60% fan de befolking joech dêr antwurd op.[14] Fan de respondinten joech 50%, likernôch 2,9 miljoen minsken, oan katolyk te wêzen; dêrfan wiene likernôch 2,6 miljoen roomsk-katolyk en 165.000 Gryksk-katolyk.[14] Fan de respondinten joech 16% oan grifformeard te wêzen en 3,1% luthersk, wylst 27% oanjoech net-religieus te wêzen.[14]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hongaarske lânyntocht en it midsiuwske keninkryk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Hongaarske stammen kamen neffens it Hongaarsk Nasjonaal Museum yn 895 yn it Karpatebekken oan en setten har dêr benammen yn 'e leechlizzende gebieten nei wenjen.[15] Yn de njoggende en tsiende iuw ûndernamen Hongaarske groepen militêre fjildtochten bûten it Karpatebekken, wylst fan 'e midden fan de tsiende iuw ôf in proses fan oanpassing oan de feroarjende politike omjouwing op gong kaam.[15] Om de millenniumwiksel hinne ûntstie it kristlike Keninkryk Hongarije.[15]
De earste trije iuwen fan it Keninkryk Hongarije, fan 1000 oant 1301, wurde ferbûn mei de Árpád-dynasty.[16] Stefanus I, dy't fan 1000 oant 1038 as kening regearre, wurdt troch it Hongaarsk Nasjonaal Museum beskreaun as de stifter fan it keninkryk.[17] By syn kroaning waard neffens it West-Jeropeeske denariusstelsel de earste Hongaarske keninklike munt útjûn.[17] De oergong nei it kristendom ferbûn it keninkryk mei de oare kristlike steaten fan Jeropa.[18]
Yn de maitiid fan 1241 foelen Mongoalske legers ûnder lieding fan Batu Khan Hongarije fan ferskate kanten binnen.[19] De wichtichste Mongoalske legermacht fersloech it keninklike leger yn 'e delling fan de Sajó, wêrnei't kening Béla IV mei it oerbleaune part fan syn troepen nei it westen útwykte.[19] Ek Transsylvaanje waard troch ferskate Mongoalske legers ynfallen en ferskate stêden en delsettings waarden ferwoastge.[19] Nei it fuortgean fan de Mongoalen waard ûnder Béla IV wurke oan de weropbou en de ferdigening fan it keninkryk.[19]
Yn de lettere Midsiuwen kaam it Keninkryk Hongarije hieltyd faker yn konflikt mei it Osmaanske Ryk, dat him fierder útwreide.[20] Sultan Süleyman I sette nei syn troansbestiging yn 1520 syn ekspânsje yn 'e rjochting fan Jeropa krêftiger fuort en foel yn 1521 de súdlike ferdigeningsliny fan it Hongaarske keninkryk oan.[20] Op 29 augustus 1526 waard it leger fan kening Loadewyk II by de Slach by Mohács ferslein troch it leger fan Süleyman I.[20] De nederlaach by Mohács hie grutte gefolgen foar de fierdere politike ûntjouwing fan it Hongaarske keninkryk.[20]

Osmaanske en Habsburchske perioade
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei Mohács gie de machtsstriid om it keninkryk troch, wylst de Osmaanske oanwêzigens yn Hongarije fierder útwreide.[21] Yn 1541 namen de Osmanen Boeda yn, wêrnei't de politike ferdieling fan it eardere keninkryk yn trije gebieten in mear bliuwend karakter krige.[20] It sintrale part fan Hongarije kaam ûnder Osmaansk bestjoer, de westlike en noardlike dielen foarmen it troch de Habsburchers regearre Keninklik Hongarije en yn it easten ûntjoech him it Prinsdom Transsylvaanje.[20]
Yn de sechstjinde en santjinde iuw ûntstie yn it grinsgebiet in stelsel fan fersterke plakken en festingen dêr't Osmaanske en Habsburchsk-Hongaarske troepen foarinoar oer stiene.[21] Nei de ynname fan Boeda fierden de Osmanen nije fjildtochten om it sintrale gebiet fan harren hearskippij te befeiligjen en namen se ferskate Hongaarske festingen yn.[21]
Yn 1684 waard yn it ramt fan de Hillige Liga besocht Boeda werom te feroverjen, mar dy belegering mislearre.[22] Twa jier letter waard Boeda, nei in belegering fan 75 dagen, yn 1686 op de Osmanen weromferovere.[22] De weromferovering makke diel út fan in bredere militêre weromkringing fan it Osmaanske Ryk út it grutste part fan it eardere Keninkryk Hongarije.[23] By de Frede fan Karlowitz fan 1699 joech it Osmaanske Ryk it grutste part fan syn Hongaarske gebieten op.[23]
Revolúsje fan 1848 en Eastenryk-Hongarije
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de earste helte fan de njoggentjinde iuw ûntstie yn Hongarije in herfoarmingsbeweging dy't politike en ekonomyske feroaringen en de ûntwikkeling fan de Hongaarske taal en kultuer neistribbe.[24] Op 15 maart 1848 briek yn Pest in revolúsje út, dy't ûnderdiel wie fan de bredere revolúsjegolf fan 1848 yn Jeropa.[25] It plein foar it Hongaarsk Nasjonaal Museum wie dy deis ien fan de wichtichste gearkomstplakken fan de revolúsjonêren.[25]
As gefolch fan de revolúsje kaam ûnder minister-presidint Lajos Batthyány in ferantwurdlik Hongaarsk regear ta stân.[26] Kening Ferdinand V bekrachtige op 11 april 1848 de saneamde Aprilwetten.[26] Dy wetten brochten wichtige politike, bestjoerlike en maatskiplike feroaringen en setten ûnder oare útein mei it ôfskaffen fan it liifeigenskip en de privileezjes fan de adel.[26]
De ferhâlding mei it Habsburchske hof waard yn 'e rin fan 1848 hieltyd minder en de politike krisis groeide út ta in wapene konflikt.[26] Yn april 1849 behellen de Hongaarske troepen yn de maitiidskampanje ferskate militêre súksessen tsjin it keizerlike leger.[27] Op 14 april 1849 ferklearre it parlemint yn Debrecen Hongarije ûnôfhinklik, ferklearre it it Hûs Habsburch-Lotharingen ôfset en keas it Lajos Kossuth ta gûverneur-presidint.[28]
It Habsburchske regear frege dêrnei militêre stipe fan it Russyske Keizerryk.[29] Russyske troepen foelen yn 'e simmer fan 1849 Hongarije binnen en stipe de Habsburchske legers tsjin de Hongaarske revolúsjonêre troepen.[29] Op 13 augustus 1849 lei it leger fan Artúr Görgei by Világos de wapens foar de Russyske troepen del.[30] Nei de nederlaach folgen represailles; op 6 oktober 1849 waarden yn Arad trettjin ofsieren fan it Hongaarske leger terjochtsteld en waard yn Pest ek de eardere minister-presidint Batthyány terjochtsteld.[30]
Nei in perioade fan Habsburchsk absolutistysk bestjoer waard yn 1867 in kompromis sletten tusken it Habsburchske hof en de Hongaarske politike elite.[31] It kompromis brocht yn Hongarije de grûnwetlike bestjoersfoarmen werom en regele de ferhâlding tusken de beide dielen fan de Habsburchske monargy op 'e nij.[31] Op 8 juny 1867 waard Frans Joazef yn Boeda as kening fan Hongarije kroane.[31] De steat dy't út it kompromis fuortkaam, stiet bekend as Eastenryk-Hongarije en bleau bestean oant de ein fan de Earste Wrâldoarloch yn 1918.[32]
Earste Wrâldoarloch en Trianon
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei it ynstoarten fan de Eastenryksk-Hongaarske monargy waard op 16 novimber 1918 yn Hongarije in republyk útroppen.[33] Yn maart 1919 waard de Hongaarske Riederepublyk útroppen, dy't oant augustus fan dat jier bestie.[34] Op 23 maart 1920 waard Hongarije op 'e nij ta in keninkryk útroppen, hoewol't de troan leech bleau.[33] Miklós Horthy waard regint fan it keninkryk.[34]
Op 4 juny 1920 waard it Ferdrach fan Trianon ûndertekene, dat de grinzen fan Hongarije nei de Earste Wrâldoarloch fêstlei.[35] As it histoaryske Keninkryk Hongarije sûnder it autonome Kroaasje as ferlikingsbasis nommen wurdt, kromp it grûngebiet fan 282.870 km² foar de oarloch ta 92.963 km² yn it Hongarije fan Trianon.[35] Yn dyselde berekkening naam it ynwennertal ôf fan 18.264.533 ta 7.615.117.[35] Yn de ôfstiene gebieten wennen neffens de folkstellingsgegevens fan 1910 mear as 3,2 miljoen minsken dy't it Hongaarsk as memmetaal opjûn hiene.[35] De grutste ôfstiene gebieten foelen ta oan Roemeenje, Tsjechoslowakije en it Keninkryk fan Serven, Kroaten en Slovenen.[35]
Horthytiid, Twadde Wrâldoarloch en de Holocaust
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de perioade ûnder regint Horthy naam it Hongaarske regear ferskate anty-Joadske wetten oan.[36] It US Holocaust Memorial Museum pleatst de earste faze fan de Holocaust yn Hongarije yn 'e perioade fan om 1938 oant de Dútske besetting yn maart 1944 en stelt dat de Hongaarske oerheid yn dy perioade op eigen inisjatyf anty-Joadske wetten en maatregels trochfierde.[36]
Hongarije sleat him op 20 novimber 1940 oan by it Tripartite Pact en waard dêrmei formeel in bûnsgenoat fan Nazy-Dútslân en de oare Asmachten.[37] Yn 1941 naam Hongarije diel oan de oarloch tsjin de Sovjet-Uny.[38]
Op 19 maart 1944 waard Hongarije troch Nazy-Dútslân militêr beset.[39] Horthy bleau ynearsten regint, mar ûnder Dútske druk waard minister-presidint Miklós Kállay ferfongen troch de pro-Dútske Döme Sztójay.[36] Under Sztójay wurke it Hongaarske regear mei de Dútske besettingsmacht gear en waarden nije anty-Joadske maatregels ynfierd.[36]
Fan 15 maaie oant 9 july 1944 waarden likernôch 437.000 Joaden yn 147 treinen út Hongarije deportearre.[36] De deportaasjes waarden organisearre troch Dútske deportaasje-eksperts yn gearwurking mei Hongaarske gendarmes en oare Hongaarske autoriteiten.[36] Likernôch 420.000 deportearren waarden nei Auschwitz-Birkenau brocht.[36] Fan harren waarden likernôch 100.000 foar twangarbeid selektearre en omtrint 330.000 nei oankomst yn 'e gaskeamers fermoarde.[36]
Horthy besocht op 15 oktober 1944 de striid tsjin de Sovjet-Uny te beëinigjen, mar de Dútsers en Hongaarske kollaborateurs namen de kontrôle oer.[36] Horthy waard ûnder Dútske druk oan 'e kant set en Ferenc Szálasi, lieder fan de faksistyske en radikaal antysemityske Pylkkrúspartij, kaam oan it haad fan in nij regear.[36] Under it Pylkkrúsbestjoer gie de ferfolging en moard op de Joaden dy't noch yn Hongarije wiene troch.[36]
Yn de winter fan 1944–1945 waard Boedapest troch it Sovjetleger omsingele en belegere.[36] Sovjettroepen feroveren Boedapest yn febrewaris 1945 en hiene yn april 1945 hiel Hongarije ynnommen.[36] It US Holocaust Memorial Museum skat dat fan de likernôch 825.000 Joaden dy't yn de Twadde Wrâldoarloch ûnder Hongaarsk gesach libben, sa'n 550.000 yn de Holocaust fermoarde waarden.[36]
Kommunistysk bewâld en de revolúsje fan 1956
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de Twadde Wrâldoarloch bleau Hongarije ûnder militêre ynfloed fan de Sovjet-Uny.[40] By de parlemintsferkiezings fan novimber 1945 krige de Partij fan Lytse Lânbesitters 57% fan de stimmen, wylst de Sosjaaldemokraten en de Kommunistyske Partij elk 17% behellen.[40] Yn de folgjende jierren naam de kommunistyske ynfloed op de steat ta; de Sovjet-besettingsmacht spile dêr in wichtige rol by.[40] It Hongaarske Nasjonaal Argyf datearret de kommunistysk-sosjalistyske diktatuer fan 1948 oant 1989.[41]
Hongarije waard yn 1955 lid fan it Warsjaupakt.[42] Yn oktober 1956 ûntstie yn Boedapest in opstân tsjin it kommunistyske bestjoer en de Sovjet-oanwêzigens.[42] Imre Nagy kaam as minister-presidint oan it haad fan in regear dat ûnder mear de werynfiering fan in mearpartijestelsel oankundige.[43] Nagy ferklearre Hongarije neutraal en kundige de úttreding út it Warsjaupakt oan.[42]

Op 4 novimber 1956 foelen Sovjettroepen Hongarije op grutte skaal oan en waard de revolúsje militêr ûnderdrukt.[44] Nagy socht taflecht yn de Joegoslavyske ambassade, waard letter arrestearre en nei in proses yn 1958 terjochtsteld.[44] Nei de ûnderdrukking fan de revolúsje waard János Kádár mei Sovjetstipe de sintrale figuer fan it nije Hongaarske bestjoer.[44] Neffens it Hongaarske Nasjonaal Argyf bleau it troch Kádár liede politike systeem nei 1956 noch mear as trije desennia bestean.[41]
Demokratyske omkear en Jeropeeske yntegraasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de jierren tachtich waarden de ekonomyske en politike problemen fan it kommunistyske systeem hieltyd sichtberder en kamen der mear ûnôfhinklike boargerlike en politike organisaasjes.[41] Yn 1987 waard it Hongaarsk Demokratysk Foarum oprjochte en fan 1988 ôf waarden mear iepenbiere opposysjegearkomsten holden.[41] It Hongaarske Nasjonaal Argyf beskriuwt de jierren 1989–1990 as de ein fan it besteande sosjalistyske systeem en it begjin fan in parlemintêre demokrasy op grûn fan in mearpartijestelsel.[41]
Nei de ein fan it kommunistyske tiidrek rjochte Hongarije syn bûtenlânsk belied op yntegraasje yn westerske politike en feilichheidsorganisaasjes.[42] Op 12 maart 1999 waard Hongarije tegearre mei Tsjechië en Poalen lid fan de NATO.[42] Op 1 maaie 2004 waard Hongarije lid fan de Jeropeeske Uny.[1] Op 21 desimber 2007 waard it lân ûnderdiel fan it Schengengebiet.[1]
Ienentweintichste iuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By de parlemintsferkiezings fan 2010 krige Fidesz 263 fan de doe 386 sitten yn it parlemint.[45] By de ferkiezings fan 2014 en 2018 helle Fidesz-KDNP beide kearen 133 fan de 199 sitten.[45] Yn 2022 krige de alliânsje 135 fan de 199 sitten.[46]
By de parlemintsferkiezings fan 12 april 2026 behelle de partij TISZA 141 fan de 199 sitten, tsjin 52 foar Fidesz-KDNP en seis foar Mi Hazánk.[47] Op 9 maaie 2026 keas it nije parlemint TISZA-foarsitter Péter Magyar ta minister-presidint.[48]
Steatsynrjochting en polityk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Hongaarske grûnwet bepaalt dat Hongarije in republyk is en dat de publike macht fan it folk útgiet.[2] Dy macht wurdt neffens deselde grûnwet útoefene troch keazen fertsjintwurdigers en, yn útsûnderlike gefallen, streekrjocht troch it folk.[2] De grûnwet leit fierders it prinsipe fan de skieding fan machten fêst.[2]
De Jeropeeske Uny omskriuwt Hongarije as in parlemintêre republyk.[1] De minister-presidint is it haad fan it regear en oefenet de útfierende macht út, wylst de presidint it steatshaad is en benammen represintative funksjes hat.[1] Bestjoerlik is it lân ferdield yn 19 komitaten, de haadstêd Boedapest en 25 stêden mei foech op komitaatsnivo.[1]
By de parlemintsferkiezings fan 12 april 2026 wiene 199 sitten yn it parlemint te ferdielen.[47] TISZA behelle 141 sitten, wêrfan 96 yn yndividuele kiesdistrikten en 45 fia de lanlike list.[47] Fidesz-KDNP krige 52 sitten, wêrfan 10 yn yndividuele kiesdistrikten en 42 fia de lanlike list, en Mi Hazánk krige seis sitten fia de lanlike list.[47]
By de lanlike partijlistestimming helle TISZA 3.385.890 stimmen, oftewol 53,18% fan de jildige listestimmen.[49] Fidesz-KDNP helle 2.458.337 stimmen, oftewol 38,61%, en Mi Hazánk 358.372 stimmen, oftewol 5,63%.[49] As de kiesberjochtigen dy't per brief stimme mochten ek meirekkene wurde, wie de totale opkomst 78,99%.[47]
Op 9 maaie 2026 keas it nije parlemint Péter Magyar ta minister-presidint.[48] András Baka waard op 11 augustus 2026 troch it parlemint ta presidint keazen.[50] Hy naam op 19 augustus 2026 it amt oer.[51]
Ekonomy en munt
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Hongaarske forint, mei de ynternasjonale falutakoade HUF, is de muntienheid fan Hongarije.[1] Hongarije makket gjin diel út fan de eurosône; de forint docht net mei oan it Europeeske wikselkoersmeganisme ERM II.[52] Der is gjin datum fêststeld foar de ynfiering fan de euro yn Hongarije.[52]
Neffens de Jeropeeske Uny bedroech it bruto binnenlânsk produkt per ynwenner yn Hongarije yn 2023 €29.400, tsjin €38.100 foar de Jeropeeske Uny as gehiel.[1] Yn it konverginsjerapport fan juny 2026 beoardiele de Europeeske Kommisje oft Hongarije en de oare EU-lidsteaten dy't de euro noch net ynfierd hawwe, oan de betingsten foar oergong op de mienskiplike munt foldiene.[53]
Ynternasjonale organisaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hongarije waard op 6 novimber 1990 lid fan de Ried fan Europa.[54] Op 7 maaie 1996 waard it lân lid fan de Organisaasje foar Ekonomyske Gearwurking en Untwikkeling (OECD).[55] Hongarije wie dêrmei it 27e lidlân fan de organisaasje.[55] Op 12 maart 1999 waard Hongarije lid fan de NATO.[42] Op 1 maaie 2004 waard it lân lid fan de Jeropeeske Uny en yn desimber 2007 fan it Schengengebiet.[1]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
| Jeropeeske Uny | ||
|---|---|---|
| Lidsteaten: Belgje • Bulgarije • Denemark • Dútslân • Eastenryk • Estlân • Finlân • Frankryk • Grikelân • Hongarije • Ierlân • Itaalje • Kroaasje • Letlân • Litouwen • Lúksemboarch • Malta • Nederlân • Poalen • Portegal • Roemeenje • Syprus • Sloveenje • Slowakije • Spanje • Sweden • Tsjechje | ||
| Ultraperifeare regio's: Frankryk: Frânsk-Guyana • Gûadelûp • Majot • Martinyk • Reünion • Sint-Marten Portegal: Azoaren • Madeara Spanje: Kanaryske Eilannen | ||
| Kandidaat-lidsteaten: Albaanje • Bosnje • Georgje • Moldaavje • Montenegro • Noard-Masedoanje • Oekraïne • Servje • Turkije | ||